FRIES MUSEUM

Opdrachtgever : IPMMC Vastgoed bv
Periode : 2003 tot 2004
Opdracht : Projectmanagement

Architect : Bierman Henket architecten
Gebruiker : Fries Museum

It Fries Museum iepenet yn septimber 2013 syn doarren yn in yndrukwekkend nij gebou op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld. Mar ek oer de ûnderlizzende wearden, autentisiteit en eigensinnigens. De kolleksje fan it museum is it útgongspunt: it swurd fan Grutte Pier, âlde kostúms, boaiemskatten út de Fryske terpen, de neilittenskip fan Mata Hari, skilderijen fan Gerrit Benner, hjoeddeistige byldzjende keunst en de film De Overval: mei-inoar fertelle se it ferhaal fan Fryslân.